Samenvatting
In prachtig boek mei moaie ferhaaltsjes om te ûntspannen. Sommige teltsjes binne ek gaadlik om foar te lêzen of foar te dragen. It boekje is nei ien kear lêzen noch net út, jo sille it grif noch ris yn'e hannen nimme. Guon ferhaaltsjes jout jo in skôging hokker net deistich mar wol nijsgjirrich is.
Uit het boek
It giet der rûch omwei as in kroechbaas op wintersport giet. Dit is wier bard want ik hearde in ferhaal oer in kroechbaas, lit ús sizze dat hy Durk hjit, dy't nei de snie west hat mei freondin en freonen.
Nei in pear dagen wie it nije der alwer in bytsje ôf en dêrfoar ha hja dêr de "Vergnügte Sechs" betocht. It is in soarte fan arrangement, alles yn ien, skie, inkl. lift, drinken en apréski, de hiele reutemeteut foar ien priis.
Durk tocht noch in momint dat it om seks gong, mar der hie it neat mei fan dwaan, hja soene seis kear mei de lift nei boppen ta en dus seis kear op ski's nei ûnderen. Eltse kear as se dan wer ûnder wiene wie it de gewoante om íén snaps te nimmen, ta ferheging fan de feestfreugde, eart se wer mei de lift gongen. Mar it smakke Durk sa goed dat dy meastal wat mear naam dan ien.
Over de auteur
"Yn 1950 bin ik berne yn Tsjummearum en dêr wenje ik noch altyd. Al fan jongs ôf oan mei ik graach skriuwe. Sa as gedichten, ferhaaltsjes en mearkes yn it Frysk. Yn dit boekje stean alinne ferhalen en mearkes. Derby moatte dizze ferhaaltsjes net al te serieus nommen wurde, ferhaaltsjes mei in knypeach sil ik mar sizze. Oare ferhaaltsjes soene wier wêze kinne. Ik bin der wis fan dat jo dit boekje mei nocht lêze sille."